'Children Games' nei Fryslân?

De Jouwer en It Hearrenfean wolle 'Children Games' organisearje
De Jouwer en It Hearrenfean wolle yn 2013 in soarte fan Olympyske_Spelen foar bern tusken de 12 en 15 jier organisearje. De gemeentes Skarsterlân en Hearrenfean binne tegearre kandidaat foar de International_Children_Games.
It evenemint komt út East-Europa en is yn 1968 foar it earst hâlden. In Sloveenske sportynstrukteur betocht de formule omdat er fûn dat sport it ultime middel is om bern yn frede byinoar te bringen.