Dramasearje 'Bit' siket stabij

Dramasearje 'Bit' siket stabij
Foar de perioade fan maaie oant en mei july siket Omrop Fryslân in leave, betroubere stabijhûn foar de nije dramasearje 'Bit'. De searje 'Bit' spilet him ôf yn de hynstewrâld. Njonken hynders hat de searje ek in Fryske stabij nedich. Minsken mei in geskikte hûn kinne har melde op bit.serie@gmail.com. Bit siket ek noch figuranten. Wa't hjir nocht oan hat: stjoer in mail mei adres, leeftyd, tillefoannûmer en foto nei bit.serie@gmail.com