Dieder oerfal Ljouwert socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket de de dieder fan in oerfal yn Ljouwert. In 21-jierrige Ljouwerter waard yn 'e nacht nei Keninginnedei op Achter_de_Hoven foar de holle slein troch in ûnbekende man. It slachtoffer foel en de oerfaller socht doe yn syn bûsen. Hy is útnaaid mei de beurs en de tillefoan fan de Ljouwerter.
It slachtoffer hat de man noch achterneisitten, mar koe him net byhâlde. Hy hat syn beurs wol weromfûn. It jild wie derút helle.