PvdA-top: te folle yuppen

De PvdA-top bestiet út te folle yuppen dy´t net begripe wat yn ´e achterban libbet. Dat sei partijpommerant Jacques_Monasch op ´e 1-maaiefiering fan de Fryske PvdA yn Snits. Monasch hat kampanjelieder west by in tal lanlike ferkiezings. Ek is er mei-inisjatyfnimmer fan de ynfloedrike partijfernijingsgroep Rooie_Veren.
Bysûnder fan ´e 1-maaiefiering yn de provinsje is dat de PvdA en SP meiinoar in flagge hise by it Damshûs yn Nij_Beets.