Keninginnedei: plysje tefreden

30 apr 2008 - 16:08

De besite fan Keninginne Beatrix en har famylje oan Makkum en Frjentsjer is sûnder problemen ferrûn. Dat stelt algemien kommandant Dick de Boer fan de Plysje Fryslân. Sawol de feiligens fan de Keninklike famylje as dy fan de tûzenen minsken oan de kant ha net yn it geding west, seit De Boer. Ek yn it ferkear is alles goed ferrûn.

Makkum en Frjentsjer wiene woansdei ôfset foar autoferkear. Besikers waarden mei pindelbussen nei it sintrum brocht en dat wurke goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)