Keninginne lûkt 35.000 minsken

30 apr 2008 - 15:15

Keninginnedei yn Makkum luts 15.000 minsken, Frjentsjer 20.000. Neffens de plysje is alles sûnder problemen ferrûn, dat jildt ek foar it ferkear.

Yn Makkum binne wol twa minsken oanhâlden. It soe gean om de saneamde Veganstreaker, in man dy't opkomt foar it wolwêzen fan bisten en oandacht besiket te lûken troch út de klean te gean. Hy en in man út Assen hiene dat ek yn Makkum dwaan wollen. Beide manlju binne yn de rin fan de middei wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)