Bilker: Wilhelmina prate Frysk

In jonge Keninginne Wilhelmina prate 102 jier lyn ek Frysk
Keninginne Beatrix is net de earste keninginne dy't yn funksje Frysk praat. Dat seit oranjekenner Bearn Bilker fan Kollum. In jonge Keninginne Wilhelmina, de beppe fan Beatrix, hat yn 1906 in Fryske taspraak hâlden by de ûntbleating fan it stânbyld fan stedhâlder Willem Lodewyk - ek wol bekend as Us Heit - yn Ljouwert.
Keninginne Juliana hat in kear út folle boarst it Frysk folksliet meisongen yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke.