Keninginne Beatrix: Tige tank

Keninginne Beatrix sleat de keninklike besite oan Makkum en Frjentsjer ôf mei in wiidweidich tankwurd. "Het was een fantastische dag, we hebben genoten." Se besleat har tankwurd yn it Frysk mei in keninklik 'Tige tank'.
Se neamde kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels ek noch yn har taspraak. Dy hie woansdei syn lêste wurkdei yn dy funksje. Boargemaster Haveman wie ek tige te sprekken oer de gong fan saken. Se sei likefolle genoaten te hawwen fan de tariedings.