Keatsende prinsen op Sjûkelân

Kroanprins Willem-Alexander hat yn Frjentsjer aardich om him hinne mept mei in keatswant oan. De kroanprins, mar ek syn frou Máxima diene aktyf mei oan in keatsclinic ûnder lieding fan PC-kening Johan van der Meulen. De kroanprins krige in keatsbal mei, dat hy kin thús fierder oefenje.
It Sjûkelân wie ek de ein fan de keninklike kuier troch Frjentsjer. De keninklike famylje en de tûzenen taskôgers waarden hjir tasongen troch Nynke Laverman.