'Kroanprins yn 3 jier Kening'

30 apr 2008 - 12:18

Keninginne Beatrix soe binnen trije jier de troan oerdrage moatte oan kroanprins Willem-Alexander, fynt 64 % fan de Nederlânske befolking. Dit docht bliken út in enkête fan de NOS. In lytse 20 persint fynt sels dat dit binnen in jier plakfine moatte soe.

It draachflak foar de monargy is noch hieltiten bysûnder grut. 80 persint is foar it Keninginshûs, 75 % is tefreden oer Keninginne Beatrix. Wol fynt 65 % dat de monargy 'modernisearre' wurde moat, as de Kroanprins kening wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)