Keninginne yn Frjentsjer

30 apr 2008 - 12:11

Keninginne Beatrix en har famylje kamen even nei tolven oan yn Frjentsjer. Boargemaster Haveman wachte it selskip op. Frjentsjer fertelde in ferhaal oan de Keninginne oer de stjerren fan Frjentsjer en de kuiertocht oer it tiidspaad.

Eise Eisinga kaam wer even ta libben. De wittenskipper en bouwer fan it planetarium dûkte geregeld yn it programma op. De 'stjerren fan it pjutteboartersplak' songen in medley fan Frysktalige en oare berneferskes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)