Ynfo-taske foar boatsjeminsken

30 apr 2008 - 06:57

Toeristen dy't har boat oanlizze by de Prinsetún yn Ljouwert krije fan't simmer in plastik tas mei ynformaasje oer de stêd. It giet om in inisjatyf fan de gemeente en de VVV Ljouwert.

Dy wol boatjeminsken sa goed mooglik ynformeare. Neist promoasjemateriaal en in plattegrûn fan de stêd, sit der ek in enkêteformulier yn de tas. Minsken wurdt frege mei te dwaan oan de enkête. Sa kin sjoen wurde nei ferbetterpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)