Grien ljocht foar mfc W'geast

De gemeenteriedsgearkomste tiisdei yn Kollum
Der kin in multifunksjoniel sintrum boud wurde yn Westergeast. De gemeenteried is tiisdei akkoart gien mei de oankeap fan in stik grûn oan de Eelke Meinertswei.
Der hat in soad gedoch west oer de oankeap fan it stik greide. Natoerleafhawers binne der tsjin om it lân bekend stiet as natoerreservaat. De ried fynt it wichtich dat de bou fan it mfc net mear fertraging oprint. Yn it nije gebou moat neist it doarpshûs ek in skoalle plak krije.