AZ wol 7,5 miljoen fan Alves

30 apr 2008 - 00:23

AZ easket in skeafergoeding fan 7,5 miljoen euro fan Afonso Alves. Dat sei advokaat Vilé fan AZ tiisdei by de behanneling fan de arbitraazjesaak tusken AZ en Alves. AZ seit it bedrach te basearjen op de FIFA-regels. Alves ûndertekene yn desimber in konseptkontrakt by AZ, mar keas ein jannewaris foar Middlesbrough. Advokaat Kingma fan Alves frege de KNVB tiisdei om de ûntbinende betingst yn it konseptkontrakt rjochtsjildich te ferklearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)