Strân Lauwerseach net iepen

© Omrop Fryslân
It strân by Lauwerseach giet foarearst net iepen foar it publyk. In tal needsaaklike foarsjennings, lykas de húskes, binne noch net klear. Dêrom is it neffens de gemeente noch net feilich genôch om iepen te gean. Eigner Steatsboskbehear hat no ferbodsbuordsjes delset. Ek de nije parkearplakken bliuwe earst ticht.
Wannear't de strannen wol klear binne, is noch net dúdlik. De strannen by Suyderoogh en by kamping Lauwerseach binne wol gewoan iepen.