Atsma: sluting is spitich

29 apr 2008 - 15:41

CDA-Twadde-Keamerlid Atsma kin him hast net yntinke dat troch útspraken fan minister Verburg safolle klanten fuortrûn binne by Friesland_Vlees. By gebrek oan oanfier slút de eigner de saak.

It spyt Atsma dat der gjin abbatoir yn Fryslân mear is en dat it personiel op strjitte komt te stean. It is ek gjin goede saak foar de feehannel en it wolwêzen fan 'e bisten. It fee moat no nei slachterijen yn Brabân en dat is neffens Atsma twa stappen achterút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)