Sweltsjes fersteure wurk

29 apr 2008 - 14:29

It wurk oan 'e spesjale wand foar grûnsweltsjes by Jistrum leit stil. De wand is noch net ôf, mar de sweltsjes sitte der al yn. De gemeente kin de sweltsjewand no net ôfmeitsje fanwege de nesteljende fûgels.

De betonblokken dêr't de sweltsjes yn sitte, stiet der al in skoftke, mar de ôfwurking wie noch net dien. Doe't de wurklju dêrmei fierder woene, die bliken dat de sweltsjes der al ynsieten. It wurk moat no wachtsje oant nei it briedseizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)