Fytsbrêge tydlik mei hânliere

29 apr 2008 - 12:00

De fytsbrêge oer it Omstreamkanaal by Driewegslûs by Nijetrine kin wer foar in part brûkt wurde. De brêge wie stikken, nei alle gedachten om't er by it tichtgean net goed slute. De gemeente Weststellingwerf hat der no in tydlike hânliere delset. Der sit wol in slot op de brêge. Sa'n twintich boatsjebesitters út Oldemarkt hawwe in kaai krigen.

De tydlike oplossing jildt foar dit hiele farseizoen. De gemeente wurket noch oan in parmaninte oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)