Heale kilo drugs yn hûs

© Omrop Fryslân
Yn in wenhûs yn Ljouwert hat de plysje in heale kilo amfitamine, 200 gram hasj en in pûdfol himpôffal fûn. De plysje socht nei wapens, mar dy wiene der net. In 29-jierrige fertochte is oanhâlden. De sykaksje fûn plak nei oanlieding fan it earder oprôljen fan in wytkwekerij, ferline wike woansdei op bedriuweterrein De Himrik.
De fertochte hie op bedriuweterrein Ljouwert-West 300 himpstekjes te stean. Hy is troch de plysje ferheard en sil fierder ferfolge wurde.