Bak foar Nij Altoenae

28 apr 2008 - 20:13

Alle ynwenners fan Nij Altoenae krije freed in bak mei rûgeltsjes. De gemeente It Bilt wol sa fiere dat it plakje de doarpsstatus krijt. Fan 1 maaie ôf is Nij Altoenae in doarp. Neist in bak krije de ynwenners dan ek in nije postkoade.

Nij Altoenae hearde earst by Sint Anne. Nei ferskate fersiken fan de bewenners stimde de gemeenteried yn 2006 yn mei de nije status fan it buorskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)