Keninginnedeifotoboek by omrop

© Omrop Fryslân
Op www.omropfryslan.nl is in digitaal fotoboek oanmakke foar al jo foto's fan Keninginnedei 2008.
Alle foto's fan Keninginnedei 2008 binne fan herte wolkom op dizze website. Dit jildt fansels yn it bysûnder foar foto's út Makkum en Frjentsjer, mar ek foto's út oare plakken binne wolkom. It giet ús net allinnich om foto's fan 'e Keninginne en har famylje, ek foar foto's fan gewoane Friezen en Friezinnen hawwe wy waarme belangstelling.