Steigers Sleattemer Mar klear

© Omrop Fryslân
De twa nije steigers by de Sleattemer Mar binne klear. Op de iene steiger is 50 meter lang en is oanlein om de feilichheid by de brêge yn it sintrum fan Sleat grutter te meitsjen.
De oare steiger komt by it begjin fan de Sleattemer Mar. Dizze is 28 meter lang en kin troch silers brûkt wurde om harren boat klear te meitsjen. Beide binne ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.