Afonso Alves wer nei Zeist

De oankomst fan Alves by de KNVB foar de earste sitting
Ald-Hearrenfean spits Afonso Alves sil him tiisdei op 'e nij by de KNVB yn Zeist melde foar it ferfolch fan syn arbitraazjesaak tsjin AZ. Tegearre mei syn broer sil Alves dan in tsjûgeferhoar ûndergean. Dat seit syn nije advokaat Kingma.
Kingma wol besykje om de ûntbinende betingst yn it konseptkontrakt tusken Alves en AZ rjochtsjildich ferklearje te litten. As dat slagget is de fierdere arbitraazjesaak fuortendaliks oerstallich.