Feiligens foarop by frijmerk
Der is dit jier mear omtinken foar de feiligens by de frijmerk op Keninginnedei yn Ljouwert.
De rûte wurd better oanjûn en der wurde paden frij hâlden foar de helptsjinsten. It bemachtigjen fan in ferkeapplakje begjint alle jierren earder. Ofrune wykien wiene de earste plakken yn de binnenstêd al markearre.