Hennepkwekerij Harns oprôle

© Omrop Fryslân
Yn Harns is snein in hennepkwekerij mei hast 600 planten oprôle. De kwekerij siet yn in loads oan de Galvanistrjitte. De plysje ûndersocht de loads yn ferbân mei in ynbraak.
Doe't se de loads binnenkamen ûntdutsen se de hennepplanten. Dy wiene op in rûge wize topt. De plysje tinkt dan ek dat de ynbrekkers de opbringst fan de planten stellen hawwe. De brûker fan de loads, in 41-jierrige man út Harns, hat bekend dat er in kwekerij eksploitearre.