Klappen nei rúzje oer hûnen

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in mishanneling fan in 69-jierrige man út Haulerwyk. De man liet sneintemoarn syn hûnen út yn in stik greide oan de Tsjerke- strjitte. Doe't it slachtoffer twa manlju tsjin kaam mei in losrinnende Rottweiler, rôp er syn hûnen by him.
De manlju lieten de Haulerwykster witte dat hûnen net los rinne meie yn 'e greide. Dêrop ûntstie in wrakseling. De twa manlju naaiden dêrnei út. De Haulerwykster rekke ferwûne oan syn gesicht.