Publykskampanje oer soaja

Friesche Vlag ûnder fjoer fanwege 'foute' soaja
De stifting 'Natuur en Milieu' is begûn mei in publykskampanje om te soargjen dat foar suvelprodukten fan Friesche Vlag ferantwurde ferboude soaja brûkt wurdt.
Ut in ûndersyk fan de stifting docht bliken dat njoggen op de tsien Nederlanners net wyt dat produkten fan Friesche Vlag bydrage oan de kap fan tropyske bosken. Minsken soene maksimaal 13 eurosint it pak molke ekstra betelje wolle at se witte dat der 'griene' soaja ynsit.