Himpplantaazje oprôle yn Snits

27 apr 2008 - 13:17

In lytse himpplantaazje is sneontejûn oprôle troch de plysje. De plantaazje wie yn in hûs oan de Willem de Zwijgerstrjitte yn Snits. De plysje kaam op it adres nei in oare melding.

Achter in dûbele muorre yn de sliepkeamer waard de kwekerij fûn, mei 51 planten. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. Der waard yllegaal stroom ôftape. Tsjin de bewenner (37) is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)