Motorrider ferwûne by ûngelok
Op de Himrikswei by Goutum is sneontemiddei in motorrider fan 22 jier út Mantgum ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried mei syn motor oer de spoarwei-oergong, mar foel en glied tusken in pear beammen troch.
De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.