Twa wenningbrannen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Oan de Boeier op It Hearrenfean hat sneintemoarn betiid brân west yn in wenning. Yn ferbân mei in ferbouwing stie it hûs leech. De brânwacht fan It Hearrenfean waard oproppen om it fjoer út te meitsjen. Der wie noch in twadde ploech nedich, omdat it dreech wie om genôch wetter te krijen.
Ek yn de Esdoornstrjitte yn Ljouwert hat sneontejûn brân west. Yn in flat stie in steapel kranten yn de brân. De brânwacht hat it fjoer útmakke.