Wettersportseizoen út ein set

27 apr 2008 - 12:08

Mei in boattocht en in tal muzikale optredens is sneon it wettersportseizoen yn Fryslân offisjeel fan start gongen. In float fan skippen en in promoasjeteam gongen fan Akkrum, fia Terherne, Langwar, Heech en Drylts nei Snits.

De provinsje woe by de start sjen litte wat der allegear ferbettere is foar de wettersport. De lêste tiid binne in soad brêgen ophege en binne der akwadukten oanlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)