Earste ferlies Jan Werle

© Omrop Fryslân
Skaker Jan_Werle fan Beetstersweach is yn syn sechsde partij op it EK tsjin syn earste ferlies oanrûn. Yn_Plovdiv ferlear Werle fan de Slowaak Sergei_Movsesian. Movsesian spile mei de wite stikken en is as earste pleatst op dit EK.
Emil_Sutovsky (Israel) en Sergei_Movsesian gean no oan de lieding mei 5,5 punten. Jan Werle is sakke nei in dield sechsde plak. Krekt as 20 oare skakers hat Werle 4,5 punten.