Aksje foar Kika yn Drachten

Hûndert frijwilligers setten harren sneon yn foar Kika. Dat is in stifting dy't jild ynsammelet foar bern mei kanker. Op sportpark De Fennen wie fan alles te dwaan: fan in fuotbaltoernoai oant in optreden fan sjonger Koos Alberts.
It idee foar Kikadei yn Drachten kaam fan Rieke Grypstra. Har dochter hat yn it ferline kanker hân, mar is wer better wurden. Sneontejûn is der noch in feest. Dêrnei is de opbringst fan de Kikadei bekend.