Tsjerke krijt nije flier

26 apr 2008 - 14:38

De Mennistetsjerke yn Drachten wurdt foar 700.000 euro opknapt. Grutste put is de ferfanging fan 'e fûndearring en de houten flier. De tsjerke wol folle faker oare aktiviteiten lykas konserten en eksposysjes organisearje. Dêrom moat er opknapt wurde.

It jild foar de restauraasje komt út de ferkeap fan besittings en fan tsjerkegongers sels. Yn septimber moat it wurk klear wêze. Oan dy tiid ta binne de tsjinsten tydlik oan 'e Van Haersmasingel yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)