Molkpriis nei ûnderen

26 apr 2008 - 14:08

Boeren krije sûnt desimber folle minder betelle foar de molke. Yn 2007 wie dy priis krekt in flink ein omheech gien, mar alles wat derby kaam is, is der no ek al wer ôf. De konsumint fernimt neat fan de legere prizen, omdat supermerken mei lang rinnende kontrakten wurkje.

De boeren hoege harren no noch gjin soargen te meitsjen, seit Sybren Reitsma fan lânbouorganisaasje LTO. Letter kin de priis wol wer omheechgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)