Fytsaksje World Servants

© Omrop Fryslân
De World Servants hawwe sneon op 'e Harkema hast 3200 euro ophelle. Frijwilligers hawwe yn in sportskoalle 800 kilometer oan it 'spinnen' west. Dat is fytse op in spesjale hometrainer op muzyk.
De kristlike organisaasje World Servants set him yn foar bouprojekten yn ûntwikkelingslannen. Der stean projekten yn Brazylje, Oekraïne en Jamaika op it program. Dêr moat noch mear jild foar komme. Joop Atsma joech sneon it startskot foar de fytsaksje.