WMO'ers mei gewoan ferfier

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol mei de gemeente Smellingerlân in ferfiersysteem ûntwikkelje dêr't it WMO-ferfier en it gewoane iepenbier ferfier yn kombinearre wurde. Oanlieding is in ûndersyk yn Súdeast-Fryslân.
Neffens de provinsje moat it dochs net hoege dat buskes achter elkoar deselde rûte ride om de reizgers op te heljen. In kombinaasje fan ferfier is goedkeaper en goed foar de yntegraasje fan minsken mei in beheining.