Strjitten De Gordyk opknapt

© Omrop Fryslân
Twa strjitten op 'e Gordyk wurde sneon weriepene nei in opknapbeurt. Op de Heerenacker en de Langewâl is it grien foar in part snoeid. Op guon plakken binne de beammen en boskjes alhiel fuorthelle. Fierders is der in soad smoargens oprêden en binne âlde houten bousels sloopt. Letter sil ek noch de stoepe by de kade fernijd wurde.
Yn bywêzen fan boargemaster Ravestein fan Opsterlân plantsje buertbewenners en meiwurkers fan 'e wenningstichting sneon beammen.