'Slachthûskontrôle bestie al'

Kontrôle by de poarte by Friesland Vlees bestie al
De kontrôles by slachthûs Friesland Vlees yn Ljouwert wiene al begûn foardat minister Verburg de maatregel bekendmakke op televyzje. Dat sei de mnister sneon yn it radioprogramma Kamerbreed fan 'e Tros op Radio 1.
De minster kondige op snein 7 april yn it tvv-programma Buitenhof de ekstra kontrôles oan. Mar dy wiene de freeds dêrfoar al begûn. Oanlieding wiene lûden dat der in soad siik fee nei it slachthûs brocht waard. De kontrôles binne ûnderwilens al wer opheft.