T-shirt foar stânbylden

It oanklaaide byld fan de feekeaplju
In pear stânbylden yn Ljouwert binne foarsjoen fan reade T-shirts. It giet ûnderoaren om it byld fan de feekeaplju, yn de buert fan it stasjon. Op de T-shirts stiet de tekst 'Kijk, ik ben het mooie van Leeuwarden'.
It giet om in aksje fan Expeditie Leeuwarden. Dat is in kampanje om de stêd te promoaten, ûnderoaren by toeristen bûten Fryslân. De T-shirts sille de kommende tiid faker brûkt wurde by promoasje foar Ljouwert.