Tiden Foekje Dillema yn boeken

Van Haperen fan 'e Atletykuny leit in krâns lein op it grêf fan Foekje Dillema
Atletykunydirekteur Van Haperen hat freed in krâns lein op it grêf fan âld-atlete Foekje Dillema yn Boerum. De rekordtiden fan Dillema binne ek byskreaun yn de ranglisten. De hurdrinster ferstoar yn desimber en krige dêrnei postúm earherstel. Yn de jierren fjirtich wie de Friezin ien fan de bêste atletes fan de wrâld.
Om't guon minsken tochten dat se in man wie, moast se in seksetest dwaan. Dêrnei mocht se nea mear oan offisjele wedstriden meidwaan.