Alle reizgers yn ien bus

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol mei de gemeente Smellingerlân in ferfiersysteem ûntwikkelje dêr't it WMO-ferfier en it gewoane iepenbier ferfier yn kombineard wurde. Neffens de provinsje moat it net hoege dat buskes achter elkoar deselde rûte ride om harren reizgers op te heljen.
In kombinaasje fan ferfier is net allinnich goedkeaper, mar ek goed foar de yntegraasje fan minsken mei in beheining.