Postma wint medaljerace

© Omrop Fryslân
Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat yn it Frânske Hyères de medaljerace yn de Finn klasse wûn. Yn de einstân fan dizze Olympyske Sylwike waard hy fjirde. De oerwinning wie foar de Deen Jonas Hoegh-Christensen. It ferskil tusken de Fries en de Deen wie 12 punten.
Marije Faber fan Toppenhuzen waard mei Renee Groeneveld en Floortje Hendriksen tsiende yn de Yngling klasse. Yn de medaljerace waard in fyfde plak besyld.