Aksje Wildeboer giet net troch

25 apr 2008 - 14:55

De aksje by slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert foar no moandei om it ministearje fan Lânbou yn Den Haach ûnberikber te meitsjen giet foarearst net troch. Reden is dat eigner Aaldert Wildeboer moandei in gesprek hat mei de direkteur-generaal fan LNV oer de gong fan saken by Friesland Vlees.

Wildeboer woe moandeitemoarn al syn persoaniel ynsette om LNV te beljen, sa dat der gjin oar tillefoanferkear mear mooglik wêze soe by it ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)