Oarlochsfoto's op ynternet

25 apr 2008 - 14:44

Alle 6000 foto's út de kolleksje fan it Ljouwerter Fersetsmuseum binne ynkoarten werom te finen op ynternet. De foto's stean op de nije website beeldbankwo2.nl, in inisjatyf fan alle fersetsmusea en it Nederlânsk Ynstitút Oarlochdokumintaasje yn Amsterdam.

Mei in bydrage fan 6000 foto's is it Ljouwerter fersetsmuseum ien fan de hofleveransiers fan de site. It digitalisaeren is noch yn folle gong en oant no ta binne 2,5 tûzen foto's al op ynternet werom te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)