Rioelrjochten folle heger

25 apr 2008 - 10:21

Ynwenners fan Dongeradiel binne 20 euro jiers djoerder út foar de rioelrjochten. Dat komt fanwege grutte flaters by it berekkenjen fan de kosten foar it grutte riolearringsplan fan de gemeente. It yngenieursburo dat dêrfoar ynhierd is, hat fergetten om de BTW te berekkenjen. Ek hat it de nije wetjouwing foar riolearring net meinommen yn de plannen.

Dongeradiel hie grut ynset op de oanpak fan it rioel, ek om de gefolgen fan klimaatferoarings oan te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)