90 oanhâldings yn drugssaak

Drugshannel yn de Fryske Wâlden
De plysje hat 90 minsken oanhâlden yn ferbân mei in ûndersyk nei de hannel yn harddrugs yn de Fryske Wâlden. Der binne sawol drugsdealers as drugsbrûkers oanhâlden.
De plysje begûn mei it ûndersyk nei't der sinjalen kaam wiene dat der ûnder skoalbern in soad kokaïne brûkt waard. De 7 haadfertochten komme út Burgum, Kollumersweach, Hurdegaryp, Noardburgum en De Westereen. Seis fan har sitte noch fêst. De oare 83 binne drugsbrûkers en tuskenpersoanen.