Lêste klimaatboskje plante

De skeppe yn 'e grûn foar it klimaatboskje
Op It Hearrenfean is tongersdei it lêste klimaatboskje fan Fryslân plante. De klimaatboskjes steane symboal foar grutte bosken dy't de C02- útstjit kompensearje moatte. Se moatte minsken derta oansette om sels yn aksje te kommen foar it klimaat.
Der binne de ôfrûne twa jier yn Frylân mear as 50 klimaatboskjes plante by ûnder oaren skoallemienskippen, sporthallen en rekreaasjeplakken.