Postma en Faber yn medaljerace

Pieter-Jan Postma
Fan de Fryske silers yn de Olympyske Sylwike fan Hyères komme Pieter-Jan_Postma en Marije_Faber freed út yn de medaljerace: de bêste tsien boaten per klasse. Pieter-Jan stiet op it 5e plak yn de Finn klasse. Marije_Faber is mei Renee_Groeneveld en Floortje_Hendriksen 10e yn de Yngling klasse.
Marit_Bouwmeester hie tongersdei in misse dei. Se sakke fan it 11e nei it 19e plak yn de Laser Radial klasse. Ek Marjon_Kooistra en Brechtje_van_der_Werf hellen de Ynglingfinale krekt net.