Minder ferkearsdeaden yn 2007

24 apr 2008 - 19:39

It tal deadlike slachtoffers yn it ferkear yn Fryslân hat noch nea sa leech west as ferline jier. 31 minsken kamen om it libben. It tal minsken dat ferwûne rekke, gie wol omheech, mei hast 70. Mei inoar rekken hast 1100 minsken ferwûne yn it ferkear.

Neffens ferkearsdeputearre Adema sit de provinsje dêrmei noch wol op koers om yn 2010 út te kommen op maksimaal 970 ferkearsslachtoffer. Lanlik sjoen ferûngelokken ferline jier hast 800 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)